Tefredenheid oer jierwiksel

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen is tefreden oer it ferrin fan de jierwiksel. Ut in evaluaasje hat bliken dien dat der de helte minder skea wie as ferline jier, 30.000 euro. Dat komt foaral trochdat op plakken dêr´t ferline jier in soad fernield waard, dit kear feesten wiene, dy´t potensjele lestige lju fan de dyk hâlden.
Twatredde fan de skea waard feroarsake yn Twizel, Droegeham, Koatstertille en Stynsgea. De gemeente wol mei dy doarpen om de tafel.