Untuchtfertochte frijsprutsen

In ynwenner fan Burgum is tongersdei troch de rjochtbank frijsprutsen fan ûntucht mei fjouwer minderjierrige famkes. Tsjin de man wie twa wike lyn twa jier selstraf easke.
Neffens de rjochtbank kin de ûntucht net bewiisd wurde. De man krige wol in boete fan 500 euro. Dy krige er omdat er oan syn geslachtsdiel siet, doe´t er de doar foar in Jehovatsjûge iependie. De rjochter wie der min oer te sprekken dat guon Burgumers in foto fan ´e fertochte op ynternet setten.