Flyers winne fan Utrecht

29 jan 2009 - 12:29

De iishockeyers fan de Hajé_Flyers hawwe woansdeitejûn mei 7-4 wûn fan de nûmer lêst Utrecht. Maklik gie it net. De Flyers kamen earst mei 3-0 achter. Mar yn de twadde perioade setten de mannen fan trainer Eimers oan en waard de achterstân omset yn in 5-3 foarsprong. Utrecht besocht it dêrnei noch wol, mar de Feansters joegen de oerwinning net mear út hannen.

De Flyers dogge noch mei yn ´e striid om it fjirde plak. Dat jout thúsfoardiel yn de playoffs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)