AOC komt mei helphûnoplieding

29 jan 2009 - 11:27

Regionaal Opliedingsintrum AOC Friesland komt yn gearwurking mei Helphûn Fryslân mei in oplieding dêr´t de soarch foar hûnen yn kombinearre wurdt mei de soarch foar minsken. It is in unike oplieding foar Nederlân.

De oplieding Jonge Honden rjochtet him op it wurkjen mei hûnen yn soarchynstellings, it spesjaal ûnderwiis en minsken dy´t handikapt of siik binne en thús help nedich ha. Sa wurdt leard hoe´t hûnen ynset wurde kinne by ûnder oare revalidaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)