Plan foar huzen yn Tsjalbert

29 jan 2009 - 11:20

De gemeente It_Hearrenfean keapet 37 bunder grûn yn Tjalbert. Dat is it plan fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Op de grûn komme ûnder oare wenningen. It is noch net bekend hoefolle, yn alle gefallen net mear as fyftich.

Neffens in wurdfierder fan de gemeente giet de skeppe pas de grûn yn as der ek ferlet is fan nije wenten. Dat is no noch net it gefal. Hoe´t it lânskip der fierder út komt te sjen, is noch ûndúdlik. Wol komt der in soad wetter en grien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)