VVD: winkelje faker moarns

29 jan 2009 - 11:09

Der moat in promoasjekampanje komme om mear minsken moarns nei de winkels yn Ljouwert te krijen. Dat fynt de riedsfraksje fan de VVD yn Ljouwert.

De partij stelt foar om it parkearen moarns goedkeaper of sels fergees te meitsjen. Yn earste ynstânsje giet it om de perioade dat boud wurdt oan it Nij Saailân en it nije provinsjehûs. De winkellju soene klanten moarns koarting jaan kinne, sa is it idee fan de VVD. Neffens de partij komme der no oant alve oere te min minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)