FNP: soargen oer Nij Saailân

© Omrop Fryslân
De gemeenteriedsfraksje fan 'e FNP yn Ljouwert is benaud dat de bou fan it Nij Saailân en it nije provinsjehûs noch folle mear fertraging oprint.
Beide projekten wurde útfierd troch deselde bou-kombinaasje. De FNP tinkt dat dat foar problemen soargje sil. De partij hat fragen steld oan it kolleezje fan b en w. De FNP is ek bang foar konflikten tusken de stêd Ljouwert en de provinsje Fryslân, omdat it om twa grutte bouprojekten mei mar ien útfierder giet.