Hearrenfean tsjin NEC yn beker

© Omrop Fryslân
De Sportclub Hearrenfean komt yn de kwartfinale yn de striid om de KNVB beker út tsjin NEC. Dat wie de útkomst fan it lotsjen woansdeitejûn nei de wedstriid ADO Den Haach-FC Twente. De wedstriid wurdt spile op 3, 4 of 5 maart yn it Abe Lenstra stadion.
De oare wedstriden yn de kwartfinale: FC Twente-De Graafschap, Roda JC-Volendam en AZ-NAC Breda.