IIsbaan Thialf net te drok

28 jan 2009 - 23:08

It ûngelok yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean wêrtroch de trainer fan iisferiening De Kluners fan Drachten om it libben kaam, is net it gefolch fan in te drokke iisbaan. Dat seit Jan Zwier, lid fan de baankommisje. Op trainingsoeren meie der oant maksimaal 400 minsken op de baan wêze. Op it stuit dat it ûngelok mei de Drachtster trainer barde, wiene der sa'n 250 riders op it iis. It ynsidint sil bepraat wurde yn de folgjende byienkomst fan de baankommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)