UMTS-mêst oan Veiling Dokkum

28 jan 2009 - 16:36

Der mei dochs in UMTS-mêst komme oan De Veiling yn Dokkum. Trije jier lyn hie it kolleezje fan Dongeradiel in fergunning wegere foar de mêst foar mobile telefony. Oanlieding wie ûnrêst yn 'e buert en 500 beswieren tsjin de plannen.

Neffens b. en w. hat ynternasjonaal ûndersyk oantoand dat de strieling fan UMTS gjin sûnensrisiko's mei him meibringt. De wegering is dêrom fan 'e baan. De gemeente hat 1100 húshâldens yn Dokkum op de hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)