Jurrie Koolhof scout by Grins

28 jan 2009 - 16:01
  • Koolhof giet fierder as scout

Ald-trainer Jurrie Koolhof fan Cambuur wurdt scout by FC Grins. Dat hat de klub woansdei bekend makke. De 49-jierrige Koolhof hat oardel jier haadtrainer west by Cambuur, mar waard begjin dit fuotbalseizoen ûntslein fanwege de minne resultaten yn de kompetysje.

Dêrfoar wie Koolhof ûnder oare trainer by De Graafschap en AGOVV. Neffens Koolhof is de baan by FC Grins in moaie nije útdaging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)