ARK Fryslân ferfart nei Snits

© Omrop Fryslân
ARK Fryslân ferhuzet kommende freed fan de museumhaven yn Ljouwert nei de Houkesleat-promenade yn Snits. De Ark is in farrend sintrum foar arsjitektuer en is tagelyk in wurkerfaringsplak foar jonge minsken.
Yn de moannen febrewaris en maart sille tal fan aktiviteiten organisearre wurde, mei as earste de iepening fan de tentoanstelling 'Stadsplannen langs de Blauwe Ader'.