Tram fan Elslo wurdt sloopt

28 jan 2009 - 12:43

De âlde tram dy't fyftjin jier lang yn Elslo stie, wurdt sloopt. De âlde Haachse Tram stie njonken restaurant De âlde tramhalte. Mar dat restaurant hat in nije eigner en krijt in nije namme en de tram past dêr net mear by.

Der is lang socht om in oare plak foar de tram, mar dat is úteinliks net slagge. Eksperts fan de Tramweg-Stifting seagen noch wol wat yn it âld ding. Sy helje in grut tal ûnderdielen út de tram om dy by de restauraasje fan oare tramweinen te brûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)