Reedrydtrainer ferstoarn

28 jan 2009 - 11:58
  • IIsstation Thialf op It Hearrenfean (foto: Martin de Jong)

De 63-jierrige reedrydtrainer Pieter van der Velde fan Drachten is tiisdei ferstoarn as gefolch fan in earnstich ûngelok op de iisbaan fan Thialf. Dat is woansdei troch reedrydferiening De Kluners fan Drachten bekend makke.

By in training op 17 jannewaris is de man fan achteren ûnderút riden troch in reedrider. Hy rekke dêrby swier ferwûne en is oerbrocht nei it Universitêr Medysk Sintrum fan Grins. Dêr is de man tiisdei ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)