Dokkumer merk ferhuzet

28 jan 2009 - 11:54

De takomst fan 'e wykmerk yn Dokkum is yn gefaar. At der neat bart, dan sil de merk in sêfte dea stjerre. Dat sizze boargemaster & wethâlders fan 'e gemeente Dongeradiel. Op't stuit binne der op de lokaasje op De Markt noch mar 15 merkweinen te finen. Dat is te min foar Dokkum, fynt de gemeente.

In ferhuzing nei de Grote Breedstraat moat de merk rêde. It kolleezje freget de ried hjirfoar in bydrage fan 35.000 euro. Yn april moat de wykmerk al op de Grote Breedstraat plakfine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)