Rekreaasjepark by Ingwierrum

28 jan 2009 - 11:48

Theun Talsma fan Skiermûntseach wol ek by de einekoai fan Ingwierrum in rekreaasjepark begjinne. De gemeente fûn it earste plan fan Talsma mei 40 rekreaasjewenten en 70 kampearplakken te grut. De gemeente wol wol meiwurkje oan in lytsskaliger plan foar 10 eko-sjalets en 35 kampearplakken.

De ferfallen einekoai fan Ingwierrum moat yn âlde eare hersteld wurde en toeristen nei it gebiet lokke. Op Skier hat Talsma in einekoai mei kampearbuorkerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)