Mear gryppasjinten yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Op dit stuit sit acht persint fan wurkjend Fryslân mei gryp siik thús. Dat docht bliken út sifers fan ArboNed. It giet om de siikmeldings oant en mei tiisdei. Opfallend is dat it tal grypgefallen yn Fryslân folle heger leit as yn de rest fan Nederlân.
It persintaazje sike wurknimmers leit lanlik twa persint leger as yn Fryslân. Neffens ArboNed binne in protte wurknimmers troch de ekonomyske resesje weromhâldend by it siikmelden.