Earste hert fongen op Skylge

De woansdei fongen hertebok (foto ministearie van LNV)
Op Skylge is woansdei om ûngefear 9 oere in hertebok fongen. Yn de buert fan 'e kamping by Hee is it slagge in earste hert te ferdôvjen en te fangen. De hertebok is dêrnei yn in hynstetrailer nei West brocht.
De plysje helpt by de fangaksje troch it publyk op ôfstân te hâlden. Der is de lêste tiid al in pear kear besocht de tsien herten te fangen, mar dat wie oant no ta allegear op neat útrûn. De oanwêzigens fan 'e herten hâldt de eilanners al in skoft dwaande.