Konifearen yn brân stutsen
Yn Drachten binne tiisdeitejûn oan de Tipelkamp oan de achterkant fan de huzen konifearen yn 'e brân stutsen. Gefolch wie dat ek in garaazje begûn te brânen. De brânwacht hat it fjoer útmakke.
Fierderop yn de strjitte waard by in skoalle ek in konifear yn 'e brân stutsen. Dit fjoer koe troch in oplettende bewenner útmakke wurde.