3 ferwûnen by ûngelok Rottum

28 jan 2009 - 09:41

By in ûngelok yn Rottum binne tiisdei trije minsken licht ferwûne rekke. In 39-jierrige frou út Bantegea remme foar in krúspunt, omdat der in frachtauto oan kaam. De bestjoerster yn de auto achter har seach dat te let en botste tsjin de auto fan de frou út Bantegea.

Beide bestjoerders binne nei it sikehûs brocht. In 13-jierrige ynsittende yn de foarste auto hie lêst fan 'e nekke en moast ek nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)