Fryslân folle skjinner wurden

© Omrop Fryslân
Fryslân hat de lèste jierren in grutte slach makke yn de ferbettering fan loft en wetter. Ek it stimulearingsbelied foar alternative enerzjy docht fertuten.
De provinsje hat ûndersyk dwaan litten nei de resultaten fan it miljeubelied. Deputearre Adema is grutsk op de útkomsten. Net op alle terreinen giet it goed: as it giet om it lânskip, agrarysk natoerbehear en ekologyske ferbiningssônes keallet it somtiden swier.