Boargers op kursus by gemeente

27 jan 2009 - 16:43

De gemeente Eaststellingwerf sil in kursus jaan oer hoe´t de gemeente wurket en wat se krekt docht. Yn de kursus komme fragen oan bar as: "Wat mei it kolleezje sels beslisse en wêr moat de ried earst oer gear?"

Yn 2007 is de kursus jûn oan leden fan Pleatslik Belang Eaststellingwerf en dat hat sa goed foldien dat der no in kursus foar de boargers komt. De gemeente hopet dat de dielnimmers nei it folgjen fan de kursus entûsjast binne en aktyf yn de polityk wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)