Reparaasje Skarsterrienbrêge

27 jan 2009 - 15:39

De Skarsterrienbrêge yn de A6 tusken De_Jouwer en De_Lemmer sil takom moanne mei in foar Nederlân nije metoade reparearre wurde. Oan beide kanten fan de brêge sil op de rjochter rydbaan in ekstra stielen plaat montearre wurde. Dy platen moatte derfoar soargje dat de boppekant fan de brêge net langer kapot riden wurdt troch swier frachtferkear.

It is de earste kear dat Rykswettersteat de reparaasjemetoade brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)