Snits ynvestearret 1 miljoen
De gemeente Snits ynvestearret de kommende jierren ien miljoen euro ekstra yn de wurkgelegenheid. De gemeente wol mei it plan Sneek Werkt mei alve projekten oan de slach.
In tal fan dy projekten moat it fêstigingsklimaat yn de stêd foar besteande en nije bedriuwen ferbetterje. Der komt ien loket foar bedriuwen en in banebeurs foar wurksykjenden.