BAM moat ynkrimpe

Fanwege de daling fan de omset en de minne foarútsichten yn de wenningmerk moat BAM Wenningbou Regio Noord ynkrimpe. It giet om in fyfde diel fan de 200 meiwurkers. Der wurdt benammen socht nei in regeling foar âldere wurknimmers, mar it bedriuw slút net út dat der ek twongen ûntslaggen komme.
Ek slút it bedriuw de festigingen yn Ljouwert en Grins. Dêrfoar yn 't plak komt ien kantoar op in nije sintrale lokaasje yn de omkriten fan Drachten.