Nije oplieding foar túnkers

Young Growers: de MBO oplieding foar túnkers
It regionaal opliedingssintrum AOC Friesland komt yn gearwurking mei in oantal glêstúnders mei in nije oplieding yn Ljouwert: Young Growers. It is in MBO-oplieding foar de glêstúnbou.
Dielnimmers gean twa dagen yn ´e wike nei skoalle, de rest fan de wike binne se oan it wurk by in glêstúnboubedriuw. De glêstúnders binne entûsjast oer de oplieding. Sy hawwe ferlet fan goed oplaat personiel.