Tsjûge socht oerfal freed

© Omrop Fryslân
De plysje is op ´e siik nei de bestjoerder fan in swarte auto dy´t freedtemoarn mooglik tsjûge wie fan de oerfal op in juweliersaak oan de Nijstêd yn Ljouwert.
Freed om 10.10 oere kamen trije manlju de saak yn en bedrigen de eigner mei in mes. Ien fan har sloech in fitrine stikken en naam in part fan de ynhâld mei. Neffens in tsjûge ried flak foar de oerfal in swarte auto fan de Nijstêd de Torenstraat yn.