Nij festival op It Amelân

© Omrop Fryslân
Fan 10 oant 12 septimber dit jier wurdt op It Amelân foar it earst in 'media-art-festival' hâlden. De gemeenteried is moandeitejûn akkoart gien mei it beskikber stellen fan in budzjet fan 25.000 euro.
It Islandfestival moat in ynteraktyf festival wurde, mei keunst, media en technology. Der wurdt foaral mikt op jongerein en studinten. It festival moat tusken de 2000 en 4000 besikers lûke.