Johnny Tuinstra nei WK

26 jan 2009 - 22:26
  • Johnny Tuinstra earder dit jier yn Warten
  • Op nei it WK

IIsspeedwayer Johnny_Tuinstra hat him yn it Poalske Sanok pleatst foar de searje wedstriden om it wrâldkampioenskip. Nei twa dagen kwalifikaasje einige de 38-jierrige ynwenner fan Tsjummearum op in kreas fiifde plak.

Op 7 en 8 febrewaris binne de earste twa WK-wedstriden yn Krasnogorsk yn Ruslân. It wykein dêrnei wurdt riden yn Ufa yn Ruslân. Begjin maart folget Berlyn en op 14 en 15 maart binne de lêste twa wedstriden yn Assen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)