Jong Hearrenfean fan slach

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean ferlear moandeitejûn yn Waalwyk mei 3-1 fan jong RKC. De Feansters spilen yn de earste helte sûnder ´hier op ´e tosken´ en stiene by it skoft tsjin de nûmer lêst fan de ranglist al op in 3-0 achterstân.
Yn de twadde helte soe it oars, mar dat slagge net. Xander_Houtkoop makke earst yn de 79e minút de 3-1. RKC einige de wedstriid mei njoggen man, Anton_Jongsma (eks Harkemase Boys) en Alexandre_Di_Gregorio krigen read. Patrik_Ingelsten die mei by It Fean.