Fortuna wer yn Drachten

© Omrop Fryslân
De Limburchske fuotbalklub Fortuna_Sittard mei tiisdei fergees traine op it fjild fan VV Drachten. Dêrnei moat de ploech tsjin Cambuur spylje. Dy wedstryd koe ôfrûne freed net trochgean fanwege it minne waar. De Limburgers wienen doe ek foar de lêste tariedings yn Drachten.
De lieding fan VV_Drachten fûn it sa sneu dat de wedstryd op it lêste momint ôflast waard dat se it fjild no opnij beskikber steld hawwe. Fortuna is op dat oanbod yngien.