Cambuur-spiler by Oranje

26 jan 2009 - 19:11

Bob Schepers fan Cambuur is selekteard foar in oefentrip fan it Nederlânsk alvetal ûnder de 17 jier. De seleksje fan Oranje giet nije wike op trainingskamp nei it Spaansje La Manga.

De 16-jierrige Schepers is ien fan de grutste Cambuur talinten. Hy hat yn desimber al in kontrakt tekene by de Ljouwerter profclub. Bob Schepers traint ek al geregeld mei by de earste seleksje fan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)