Bilgaard: nijbou winkels, huzen

26 jan 2009 - 15:57

De nijbou fan winkels en wenten yn Bilgaard kin út ein sette. Dat seit de winkeliersferiening. De plannen foar nijbou leine al langer klear, mar omdat supermerkketen Aldi perfoarst it eigen gebou ferkeapje woe, koe de nijbou letter begjinne as it doel wie.

De problemen binne no oplost en moandei koe de skeppe de grûn yn. Yn it winkelsintrum krije fjirtich winkels in nij plak. Der komme ek 86 nije wenten. It âlde winkelsintrum baarnde ôf yn 2006.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)