Soargen oer dyk Drachten-Assen

26 jan 2009 - 15:08
  • Reizgje nei Haulerwyk en Waskermar soe dreger yn plak fan makliker wurde

De doarpen oan de noardkant fan de nije N381 yn Súdeast-Fryslân meitsje har grutte soargen oer de mooglike drokte dy´t de nije dyk opsmite sil. Troch it ferdwinen fan in ôfslach driget neffens de doarpen in soad ekstra slûpferkear en dat kinne de strjitten yn de doarpen net oan.

De kâns is ek grut dat minsken it paad nei Haulerwyk en Waskermar net mear fine kinne. De doarpen hawwe dêrom in alternatyf plan betocht. Dat wurdt meikoarten oanbean oan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)