Woudreus striidt tsjin beamkap

© Omrop Fryslân
Stifting De_Woudreus ropt de help yn fan ´e nasjonale Ombudsman yn de striid tsjin beammekap yn nasjonaal park it Drints-Fryske Wold by Appelskea. De Woudreus fynt dat der te min ynspraak is oer plannen fan oerlisorgaan it Drints-Fryske Wold.
Fierders soe min heard wurde nei wat boargers fine fan plannen om bosk te kapjen foar de oanlis fan fytspaden. De Woudreus hopet dat de ombudsman oerheden dúdlik meitsje kin dat se har hâlde moatte ´e ynspraakregels.