Ljouwerter thús mishannele

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter is sneontenacht mishannele yn ´e doariepening fan syn hûs. De man (60) die om ien oere nachts de doar iepen en seach dêr twa manlju stean.
Doe´t ien in mes luts, skopte de man yn syn rjochting. De man mei it mes helle út en rekke de Ljouwerter yn syn ûnderearm. Dêrnei naaide it duo út. De plysje siket tsjûgen fan ´e mishanneling. De fertochten binne donkere manlju fan sawat 20 jier. Ien hie in swarte learen jas oan, de oare in swarte stoffene jas.