Grutte ferliezen foar Philips

26 jan 2009 - 08:16
  • Grutte ferliezen foar Philips

As de wrâldwide kredytkrisis dit jier fierder trochset, sille der noch mear banen ferdwine by Philips yn Drachten, tinkt it fakbûn. It elektronikakonsern makke moandeitemoarn bekend dat it yn it lêste kwartaal fan 2008 1,5 miljard euro ferlies makke hat.

Ein 2008 waard yn Drachten al in reorganisaasje oankundige, wêrby 100 banen ferdwine. Foar 2009 wurde noch mindere resultaten ferwachte. Fakbûn CNV ferwachtet dat it dan net by ien reorganisaasje bliuwe sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)