Dieven op 'e Nijstêd oanholden

© Omrop Fryslân
Yn in klub oan de Nijstêd binne sneontenacht trije dieven oanholden. De glêze-opheller hie sjoen dat in man mei in frouljustas omrûn en dy oan it trochsykjen wie. Op fideobylden wie te sjen dat in oare man tegearre mei in frou mei dyselde tas yn de hân fan de trep rûn.
De yntusken alarmearre plysje koe de twa manlju fan 28 en 21 jier en in frou fan 21 oanhâlde. Se komme alle trije út Den Helder. De eigneresse fan de tas hat oanjefte dien.