Jonges pakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters fan 16 en 17 binne sneontenacht oppakt foar mishanneling. Se soene mei noch fjouwer oaren twa jonges út Readtsjerk en Oentsjerk slein en skopt hawwe. Ien fan de Ljouwerters hie earder op de jûn al spul socht. De beide slachtoffers giene dêr net op yn en setten ôf nei in kafee.
Doe't se letter bûten kamen stiene de twa Ljouwerters har mei noch fjouwer oaren op te wachtsjen. Dêrnei rûn it út de hân.