Kampanje tsjin ergernis trein

25 jan 2009 - 11:33

Arriva set moandei út ein mei de kampanje Sociaal Reizen. Arriva wol mei dizze kampanje stimulearje dat it reizgjen mei de trein noch leuker wurdt. Treinreizgers ergerje har nammentlik it meast oan minsken dy't al ynstappe wylst oare minsken noch útstappe moatte.

Mar ek it mei bagaazje beset hâlden fan in sitplak soarget foar in soad argewaasje. Mei de kampanje hopet Arriva dat dit gedrach feroaret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)