Foarronde Frysk Jeugddebat

25 jan 2009 - 11:30

Op it provinsjehús is moandei de Fryske foarronde fan it Nasjonale Jeugddebat. Dit is bedoeld foar jeugd fan 12 oant en mei 18 jier. Moarns wurdt yn groepen in foarstel makke foar in provinsjaal probleem dêr't middeis mei de Steateleden oer debateard wurdt.

Oan 'e ein fan 'e dei wurde 12 jongeren selekteard dy't meidwaan meie oan it Nasjonale Jeugddebat yn de Twadde Keamer, dat yn oktober hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)