Meters grûndelgong pleatst

© Omrop Fryslân
Der wurdt moandei in begjin makke mei de pleatsing fan trije seismo-meters by Furdgum, Winaam en Sweins. Dizze ynstruminten mjitte de trillings yn de grûn yn it gebiet dêr't nei sâlt en gas boarre wurdt.
De aksjegroep Willem Beton hat hjir om frege. Se hoopje dat sa dúdlik wurdt hoe't de skea oan de wenten yn it gebiet feroarsake wurdt.