Net ride, wol de Cup foar Bob

24 jan 2009 - 20:51

Bob de Vries hat sneontejûn sûnder te riden dochs de Essent Cup wûn. De rider fan De Haule lei met gryp op bêd en koe de finale yn Utrecht net ride. Syn foarsprong op de nûmer twa yn it klassemint, Cedric Michaud, wie lykwols sa grut, dat de oerwinning net mear yn gefaar kaam.

By de froulju moast Maria Sterk genoegen nimme mei in twadde plak. It slagge de rydster út Hallum net de efterstân op Cup-winneres Mariska Huisman goed te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)