Harkemase Boys wint mei 3-1

© Omrop Fryslân
Koprinner fan de sneonshaadklasse Harkemase Boys hat mei 3-1 wûn fan Oranje Nassau Grins. Nei twa minuten sette Martijn Barto de Harekiten al op in 1-0 foarsprong. Foar it skoft kamen de Grinzers troch in penalty op 1-1.
Yn de twadde helte hie Harkema it dreech. Pas yn de 88e minút soarge Ronald van der Heijden foar in 2-1 foarsprong en yn de blessueretiid makke Erdem Yeni de 3-1.