Saak De Blesse noch net oplost

Ida Klijnstra waard ferline jier fermoarde
De ekstra beleanning fan 30.000 euro yn de moardsaak op Ida Klijnstra fan De Blesse hat net laat ta de gouden tip. De ekstra beleanning wie jildich oant 1 jannewaris fan dit jier, mar der binne gjin brûkbere tips binnen kommen en dus kin gjinien oanspraak meitsje op it jild.
De plysje giet der fan út dat Arjan van der Schaar (50) fan Frjentsjer de moard pland hat. Mar oft de man sels of ien fan syn kompanen de moard dien hat is noch ûnwis.