Fjochtpartij yn Ljouwert

24 jan 2009 - 15:02

By in fjochtpartij oan it Ruterskertier yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht nei sneon fiif manlju oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. Om de groep út elkoar te krijen moast de plysje de wapenstok brûke en letter moast der ek noch in plysjehûn oan te pas komme.

De fiif Ljouwerters waarden meinommen nei it buro foar neier ûndersyk. Ien fan harren moast earst foar behanneling nei it sikehús, omdat er troch de plysjehûn yn syn hân biten wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)