Fandalisme yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn betiid op De Eibertsbek yn Drachten fjouwer manlju op 'e bon slingere foar fandalisme. In plysjeman seach de mannen op De Kaden omhingjen. Ien fan harren hong yn in ferkearsboerd.
Doe't se de plysje seagen draafden se fuort. De plysje folge harren en seach dat se op in bedriuweterrein oer in stek klommen wiene en oan it fernielen wiene. Tsjin de fjouwer Drachtsters is proses-ferbaal opmakke.