Oanholden foar wapenbesit

24 jan 2009 - 14:54

Twa manlju fan 18 en 19 út Peize binne yn de nacht nei sneon yn Drachten oanholden foar wapenbesit en it ferfieren fan ynbrekkersark.

De manlju rieden oer de Langewyk, doe't de plysje har tsjinhold foar in kontrôle. Doe't de bestjoerder yn it dashboardkastje socht om syn papieren seagen de plysjes in fjoerwapen en in pûdsje weed lizzen. Se waarden fuortendaliks oanhâlden en nei it buro brocht. Yn de auto lei fierder noch in mes en ynbrekkersark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)