Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (17) is yn de nacht nei sneon oanholden om't er twa oare jonges mishannele ha soe. Neffens de twa, beide Ljouwerter fan 18 en 20 jier, begûnen fiif manlju samar te fjochtsjen.
Ien fan de twa slachtoffers krige in kopstjit. De 17-jierrige fertochte koe troch de plysje oanholden wurde. De oare fjouwer naaiden gau út en binne net mear fûn. De beide slachtoffers ha oanjefte dien. De 17-jierrige jonge sit fêst.