Ruud Borst tred op Weissensee

24 jan 2009 - 14:20

Maratonreedrider Ruud Borst fan Sint Nyk is op de Eastenrykske Weissensee tredde wurden by de 80 kilometer lange Aart Koopmans Memorial. Bert Jan van der Veen fan De Jouwer waard fjirde.

De klassiker waard wûn troch de 29- jierrige Ruud Aerts út Riel. Alle toppers wiene net op de Weissensee want dy ride sneontejûn de finalewedstriid om de Essent Cup yn Utrecht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)